Lilke boeren dogge yn Ljouwert oanjefte tsjin minister Schouten

03 jul 2020 - 15:10

Lilke boeren dogge freedtemiddei op it plysjeburo yn Ljouwert oanjefte tsjin minister Schouten fan Lânbou. Schouten wol dat boeren de kij oars fuorje, mei fretten mei minder aaiwyt. Want dat smyt minder stikstof op. Boeren fine dat se te fier giet mei dy maatregel.

Schouten komt fan 1 septimber ôf mei in maatregel dy't it fuorjen fan soaja- en raapskroat ferbiedt. Beide soarten fretten hawwe in heech aaiwytgehalte. Boeren wolle sels regelje kinne watfoar fretten oft se de bisten jouwe. Sa wolle se bygelyks ekstra aaiwyt jaan oan drachtige kij om sykte en minder wjerstân by de mem en it kealtsje foar te kommen. Se fine dat de minister te bot op de stoel fan de boeren sitten giet.

Ideeën út de sektor

Neffens de boeren hat Schouten in hiel soad ideeën út de lânbousektor, om it aaiwytgehalte yn it fretten en dêrmei de stikstofútstjit omleech te bringen, njonken har dellein. Se fine dat ûnterjochte en sizze dat de eigen foarstellen better binne as dy't de minister no ynfiere wol.

De boeren dogge by de plysje ûnder oare oanjefte fanwege bistemishanneling. Ek op oare plakken yn Nederlân fiere boeren aksje tsjin de stikstofoanpak fan it regear.

Net de earste kear

Tongersdei stiene ek al boeren te protestearjen yn Ljouwert tsjin it belied fan Schouten.

It is net de earste kear dat de boeren massaal aksje fiere. Oan de ein fan it ôfrûne jier en yn it begjin fan dit jier gienen de boeren ek al meardere kearen de strjitte op omdat se it net iens wiene mei it kabinetsbelied.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)