Bernelokker fan De Lemmer feroardiele ta 18 moannen sel

In bernelokker fan De Lemmer is troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta in selstraf fan 18 moannen. De 56-jierrige man hat 14 bern yn Fryslân en op Urk benei kaam yn 2018. It fonnis komt oerien mei de eask fan it iepenbier ministearje.
Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De Lemster is ûndersocht, mar it hat bliken dien dat er net te lijen hat ûnder in syklike fersteuring. Om't hy mei it psychysk ûndersyk hieltyd ûntkende, leit der ek net in advys foar in behanneling. De man hat ûnder oare by Frjentsjer, Balk, Eksmoarre, Eastersee en Damwâld bern oansprutsen. De plysje hold him al in skoft yn de gaten en hie in stjoerderke ûnder syn bus pleatst. Dat it foararrest fan de Lemster ferline jier ôfrûn, hat dat in soad ûnrêst op De Lemmer opsmiten. De man hie de ôfrûne tiid in ankelbân om.
De man hat net earder feroardiele west foar sededelikten,Yn 2013 is in saak tsjin him seponearre, doe soe er as learaar oan famkes sitten hawwe. Hy is dêrnei ûntslein.