Freedsmerk: "Lit dy fakânsje yn it bûtenlân mar"

Foar de skoallen is freed de simmerfakânsje begûn. Fanwege de coronakrisis is lykwols alles oars as oars. Op de Ljouwerter freedsmerk docht bliken dat de gefolgen op de fakânsjeplannen grut binne. In soad minsken bliuwe thús, al is dat om in grut ferskaat oan redenen.
© Omrop Fryslân, René Koster
In zzp'er lit witte dat sy bliid is lang om let wer oan it wurk te kinnen, dus dy lit de fakânsje dit jier mar efkes. Ek de poelier op 'e merk is bliid dat hy wer los kin: "Ik haw fiif moanne thús west. Earst in hertoanfal en doe dêr noch in TIA oerhinne. Lit dy fakânsje dus mar!" Oaren neame de hege prizen om dochs ek yn Nederlân mar neat te boeken: "800 oant 900 euro de wike foar in caravan, of sels 2300 euro foar in wykje yn in húske, dat is ús te mâl!"

Ynsette op ferstân

In frou fertelde eins nei Amearika te wollen dêr't har dochter wennet, mar sy mei it lân net yn. En in frou soe mei har Nederlânske man nei har famylje yn Azië, mar: "We spelen het maar op verstand, we blijven thuis." In man fertelde dat er op dit moment eins foar de 40e kear yn Salou op de camping sitte moatten hie. De lêste kear om it jubileum fol te meitsjen. "Mar no't dat oer giet, hawwe wy foar takom jier mar boekt. Dan bin ik tachtich!" In oare leafhawwer fan fêste tradysjes sil foar it 42e jier nei de steancaravan op De Wâldsang yn Bakkefean. "Gelokkich kin dat gewoan trochgean!"
Ferslachjouwer René Koster op de freedsmerk