Bennema State yn Hurdegaryp wiis mei nije besiteregeling mei corona

Soarchynstellingen hoege dochs net op 't slot as der ien gefal fan besmetting mei it coronafirus is. Minister De Jonge sei earder dat sy dat wol moasten. Mar dat wie in misbegryp, seit it ministearje no. En dat is in hiele opluchting foar guon bewenners. Ek soarchorganisaasjes sels binne bliid dat se net wer hielendal ticht hoege, sa ek wensoarchsintrum Bennema State yn Hurdegaryp.
Bennema State yn Hurdegaryp wiis mei nije besiteregeling mei corona
Ferpleechkundige Yvonne van der Veen fan Bennema State yn Hurdegaryp is wiis mei it beslút. "Wy binne super bliid, benammen foar de minsken. Want sy misse dochs de besite. Dat sjogge je, as se wer besite krije, hawwe se in grutte glim op it gesicht. Guon minsken hawwe it best dreech hân. Ik wurkje mei âlderein mei demintens. Sy begripe it net en sizze: ik haw myn soan al in skoft net sjoen. Dan moatte je wolris in minnisteleagen jaan en sizze: de soan is siik en hat de gryp te pakken. Dat snappe se. Mar letter komt de fraach wol wer werom."

Op syk nei feiligens

It soe neffens har net goed wêze as de boel op 'e nij ticht moast. "Dat soe net moai wêze, it smyt ûnrêst op. Minsken mei demintens binne op syk nei feiligens, nei bekenden en harren eigen thús. Dus it is ek wol dreech om dy minsken yn harren eigen wente te hâlden. No is der wat mear rêst. Je kinne de bewenners wat mear gean litte. Dan is der wat mear frijheid om bygelyks in stikje te kuierjen."
Bennema State yn Hurdegaryp © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Ferslachjouwer Jantine Stoffers yn Hurdegaryp