GGD: fakânsjegongers moatte advizen en maatregels op plak fan bestimming folgje

Yn Noard-Nederlân set freed de simmerfakânsjeperioade útein. Neffens GGD Fryslân binne de coronasifers yn de measte lannen sa leech dat minsken prima op fakânsje gean kinne. It is lykwols wichtich dat fakânsjegongers rekken hâlde mei de advizen dy't foar harren bestimming jilde en de maatregels dy't dêr fan krêft binne.
Kampearje © Shutterstock.com
Dêrneist neamt de GGD it ferstannich om yn it bûtenlân de Nederlânske maatregels tapassen te bliuwen: hâld ôfstân, waskje dyn hannen en lit dy yn gefal fan klachten teste, as dat mooglik is.
Fakânsjegongers dy't har yn it bûtenlân posityf teste litte, moatte de maatregels dy't dêr jilde folgje. Dêrneist dogge se der ferstannich oan om alfêst kontakt op te nimmen mei de GGD fan it eigen wenplak yn Nederlân.
De maatregels yn alle lannen, lykas it dragen fan in mûlkapke, binne te finen op Rijksoverheid of www.nederlandwereldwijd.nl.
Minsken dy't yn Nederlân op fakânsje gean en klachten krije, kinne har oeral yn Nederlân teste litte, fia it lanlik nûmer 0800-1202. "Dan kinst by in teststrjitte by dy yn de buert test wurde", ljochtet Margreet de Graaf fan GGD Fryslân ta.
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân