Boeren lilk om aaiwytregel: "Minister moat net op de stoel fan de boer sitte"

03 jul 2020 - 12:34

Boeren binne lilk oer de tongersdei oannommen maatregel fan minister fan Lânbou Carola Schouten om it aaiwyt yn feefoer te ferleegjen om sa de stikstofútstjit omleech te bringen. Dêrom wurde soja- en raapskroat ferbean. De boeren fine dat de minister mei de maatregel te fier giet en de sûnens fan de bisten yn gefaar bringt. Sy wolle de ferleging fan it aaiwyt yn it fretten sels regelje.

Kij yn de greide - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Eke Folkerts, foarsitter fan de Agrarische Jongeren Friesland, leit út wêrom't dat aaiwyt wichtich is foar fee. "Der is no in ferbod dat wy bepaalde komponinten fan feefoer net mear jaan meie. Mar de bisten hawwe dy nedich om te groeien. Kealtsjes hawwe bygelyks ferlet fan oar iten, want sy moatte groeie. Mar sy wurde sa koarten op harren ferlet oan aaiwyt. Dit is in perioade fan fjouwer moanne. Je soene sizze: wêrom dêr sa'n drokte om? Mar kealtsjes yn begin al te min fuorje, dat hat ek effekt op it folwoeksen bist letter."

Multyfitamine foar kij

Neffens Folkerts binne der wol alternativen. "Mar it giet ek om de totale aaiwytbalâns. Foar de natuer moat it aaiwytgebrûk weromrinne, dêr wurdt op stjoerd. Der binne alternativen, mar dit is in ideaal mingsel. It is in soarte multyfitamine, lykas minsken ek wol brûke."

Minister hat gjin betrouwen

De boeren wolle it aaiwyt yn it fretten sels wol omleech bringe op harren eigen wize. Mar de minister hat dêr gjin betrouwen yn. "Dat is net earlik, want wy kinne dat prima regelje. Wy hawwe al in oantal plannen op tafel lein, mar dy wiene net mooglik fanwege juridyske beswieren. It ministearje moat net op de stoel fan de boer sitte om mei te stjoeren op de pleats. Net mei as doel de bistesûnens, mar in lytse reduksje fan stikstof."

Eke Folkerts fan de Agrarische Jongeren Friesland

(advertinsje)
(advertinsje)