Rekkenkeamer: belied provinsje foar ferduorsuming lânbou te ûndúdlik

03 jul 2020 - 11:49

De provinsje Fryslân hat te min sicht op de resultaten en trochwurking fan ynsette subsydzjes om de lânbou te ferduorsumjen. Dat konkludearret de Noardlike Rekkenkeamer yn in rapport dat tongersdei presintearre is.

Kij yn de greide - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De provinsje hat yn de perioade 2012 oant en mei 2018 yn totaal 21 miljoen euro oan subsydzjes ynset om de lânbou te ferduorsumjen. Dat bedrach bestiet foar in tredde út Europeeske middels.

Lânbou en de ferduorsuming fan de lânbou binne wichtige spearpunten fan de provinsje, mar dy jout neffens de rekkenkeamer net dúdlik oan wat sy berikke wolle.

Resultaten byhâlde

De Noardlike Rekkenkeamer rekommandearret de provinsje oan om by te hâlden wat de krekte resultaten fan har aktiviteiten en subsydzjes binne. Ek moat de provinsje in better oersjoch meitsje fan de projekten foar ekologyske ferduorsuming fan de lânbou dy't sy subsidiearret.

Deputearre Steaten binne it foar in grut part iens mei de konklúzjes fan de rekkenkeamer. Wol stelle sy dat it noch te betiid is om resultaten te ferwachtsjen. De rekkenkeamer is dêroer fernuvere, om't it belied al jierren rint. Dan meie der neffens de rekkenkeamer ek resultaten boekt wêze.

Belied evaluearje

Mear yn it algemien trunet de Noardlike Rekkenkeamer derop oan dat de provinsje har belied evaluearret. Want pas dan kin dúdlik wurde oft de subsydzjes effekt hawwe. "Een goede evaluatie hoeft zeker niet te veel te kosten; sterker: evalueren en leren bespaart geld", sa hâldt de rekkenkeamer de provinsje foar.

(advertinsje)
(advertinsje)