Beskut wurk foar mear organisaasjes tagonklik yn Weststellingwerf

De gemeente Weststellingwerf hat it ôfrûne jier it 'beskut wurk', wurkplakken foar minsken mei in arbeidsbeheining, yn in nij jaske stutsen. Dy minsken hiene earder net in soad kar en kâns op in passend wurkplak, mar troch dizze oanpassing wol.
It gemeentehûs fan Weststellingwerf © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Organisaasjes dy't dat woene, krigen de mooglikheid om diel te nimmen oan it re-yntegraasjekontrakt fan de gemeente. Mei de saneamde 'Open House'-konstruksje is it oanbod oan beskut wurk foar minsken mei in arbeidsbeheining breder en tagonkliker wurden.
Earder fierde Caparis it grutste part fan de taken beskut wurk út foar de gemeente Weststellingwerf. Fan 1 july ôf binne dêr ferskate organisaasjes by kaam. Elts fearnsjier kinne nije organisaasjes har oanmelde by de gemeente as beskut-wurklokaasje.