Erik de Groot foardroegen as nije wethâlder gemeente Harns

03 jul 2020 - 10:08

De Harnzer PvdA-fraksje draacht de 45-jierrige Erik de Groot foar as nije wethâlder. Yn syn portefúlje sit ûnder oare Folkshúsfêsting, Romtlike Oardering, Jeugd, Underwiis en Kultuer. De Groot komt út de eigen kieslist fan de Harnzer ôfdieling.

Foto: Gemeente Harns

By de gemeenteriedsferkiezings fan 2018 stie hy op it sande plak op de list. Fan 2006 oant 2008 siet De Groot ek yn de ried fan Harns foar de PvdA. Fan 2012 oant 2014 wie De Groot foarsitter fan de ôfdieling Harns.

Yn it deistich libben hat De Groot in rjochtskundich advysburo en hy hat ûnderfining yn de finansjele tsjinstferliening. Op ferskate maatskiplike fronten is hy aktyf.

De Groot folget Hein Kuiken op, dy't dizze wike de oerstap makke nei it Ljouwerter kolleezje. Op 17 augustus wurdt de nije wethâlder ynstallearre.

(advertinsje)
(advertinsje)