Robert Mühren bliuwt by SC Cambuur: "Hopelijk tot snel in het stadion"

03 jul 2020 - 09:40

Robert Mühren bliuwt definityf by Sportklup Cambuur. Seizoenskaarthâlders fan Cambuur binne freedtemoarn belle troch de spits. Hy wurdt ek it kommende seizoen hierd fan it Belgyske Zulte Waregem. Freed stiet Mühren wer op it fjild yn Ljouwert.

Robert Mühren - Foto: www.orange-pictures.nl

"Hé beste Cambuursupporters, Robert Mühren hier", seit er yn it berjocht. "Het is nog niet officieel naar buiten, maar ik wil jou als trouwe supporter alvast laten weten dat het rond is en dat ik volgend seizoen weer voor Cambuur ga spelen. Als spelersgroep willen we niets liever dan sportieve revanche en dus gaan we gas geven. Hopelijk tot snel in het stadion. Groetjes!"

It berjocht fan Robert Mühren oan de supporters

Cambuur hierde Mühren it ôfrûne seizoen fan it Belgyske Zulte Waregem. Hy makke 26 doelpunten yn 29 wedstriden en waard dêrmei topskoarer fan de Keuken Kampioen Divisie. Mühren stie noch ien jier ûnder kontrakt yn België. Technysk manager Foeke Booy fan Cambuur sei earder dizze wike al dat hy goede hoop hie dat Mühren takom seizoen wer foar de Ljouwerters spylje soe.

"Zonder meer een bovenslag", seit Booy no. "Het was heel lang onzeker of het ging slagen, maar we zijn enorm blij dat het is gelukt. Robert wou zelf ontzettend graag blijven en sportief revanche nemen met iedereen die betrokken is bij de club. Dat is voor ons niet anders en dat de topscoorder van de Keuken Kampioen Divisie daarbij aan boord blijft is een fantastisch signaal."

Ferslachjouwer Andor Faber

(advertinsje)
(advertinsje)