SOVIDZ-foarsitter oer ferfallen koart pleit: "Ferskuorrende bliid mei"

Ferpleechhuzen dêr't in coronabesmetting is, hoege net perfoarst mear op slot. Dat hat it ministearje fan Folkssûnens bepaald. Dêrmei ferfalt it koart pleit dat oanspand wie tsjin de Steat, troch Stichting Onnodige Vrijheidsbeperking in de Zorg (SOVIDZ). "Dêr binne wy ferskuorrende bliid mei", seit SOVIDZ-oprjochtster Berber Bijma. "Foar in stichting dy't noch mar twa wiken bestiet, is it absolút in sukses."
© Shutterstock
"Wy ûntdutsen dat de minister de maatregel dat in ferpleechhûs op slot moat sadree't der ien besmetting is, in oantal dagen lyn foarskreaun hie oan alle Feilichheidsregio's en dat dy it ek allegear oernamen." Dat gie lykwols yn tsjin de eigen oprop fan de minister oan ynstellings om maatwurk te leverjen yn coronatiid. "Doe tochten wy: dit kloppet net mei alles wat wy fierder heard hawwe, dit doocht net."

Ministearje

SOVIDZ lei de kwestje ferfolgens foar oan it ministearje fan Folkssûnens om te sjen oft it kloppe. "Sy seiden dat dat it gefal wie en dat se foar feiligens keazen yn it gefal fan in besmetting yn in ferpleechhûs. Alles soe dan op slot." De stichting besleat it dêrom oan de rjochter foar te lizzen. Bijma: "Mar foar't we sa fier wiene, betocht de minister him."

Guon ferpleechhûzen dochs ticht

SOVIDZ krijt lykwols noch hieltyd mails fan minsken dy't fertelle oer hoe't it der yn guon hûzen, dêr't gjin besmettings binne, op dit stuit oan ta giet. "Der binne noch wol in soad hûzen dy't skruten binne om iepen te gean. Dat is hielendal net yn line mei wat de minister ferline wike op de parsekonferinsje sei oer dat ferpleechhûzen no harren doarren wer iepen sette moatte."
SOVIDZ sil dy kwestje foarlizze oan de Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd, mei it fersyk om by dizze ynstellings it tafersjoch wer rap op te pakken.
Berber Bijma fan Stichting Onnodige Vrijheidsbeperking in de Zorg