Kollum: "McDonald's"

03 jul 2020 - 08:42

"Der wiene ris twa jonge bruorren yn Amearika dy't it net al te breed hiene. Neidat se dochs wat jild fertsjinnen, kochten Dick en Mac yn 1929 in lytse bioskoop, mar dat waard gjin sukses troch de krisis op Wall Street. Se wiene sa earm as luzen en ha doe besletten om dan mar hotdogs en jus d'orange te ferkeapjen."

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Yn 1940 begûnen se in drive-inrestaurant mei 27 gerjochten op 'e kaart, mar se krigen it net rjocht oan 'e praat. It duorre bêst wol lang foardatst dyn iten krigest en der kaam hieltyd asosjaler folk op ôf. Se hiene ek in soad wurknimmers nedich en fertsjinnen amper de kost.

Doe kamen se op it idee om allinnich mar hamburgers, patat en frisdrinken te ferkeapjen, omdat se dêr it meast fan ferkochten. Mac betocht yn 1948 it Speedy Service System, dat wol sizze: in rinnende bân foar hamburgers, sadat dy altyd op foarried wiene en minsken net mear in heal oere hoegden te wachtsjen. Mei dat systeem hiene se minder guod sa as pannen en bestek nedich, omdat se it iten yn papieren pûden diene en se koene ek ta mei minder personiel.

Op in bepaald momint bestelden se in stik as acht nije milkshakemasines by Ray Kroc. Dy wist net wat er hearde, want fierder koe er amper sa'n masine slite. Doe't er by de bruorren McDonalds kaam, waard er hiel entûsjast oer it Speedy Service System en hy frege harren wêrom't se net folle mear filialen iepenen. Dat hiene se wol besocht, mar se fûnen it hiel dreech om de kwaliteit heech te hâlden. Se hiene leaver ien goede saak as fyftich mindere.

Mar Ray koe it idee fan in fransjize net loslitte en biet him deryn fêst. It koste him syn houlik, in soad jild en enerzjy, mar hy sette troch en úteinlik gongen Dick en Mac oerstaach, mei it betingst dat sy baas bleaunen en Ray alles mei harren oerlizze moast. Dat joech de nedige konsternaasje, want de bruorren wiene net sa ûndernimmend as Ray. Hy woe de wrâld feroverje, mar Dick en Mac tochten net sa kommersjeel.

Ray betocht in plan mei immen om de Dick en Mac bûtenspul te setten, troch sels de eigener te wurden fan de grûn dêr't de restaurants op kamen en sa krige er op it lêst de folsleine macht yn hannen. Hy kocht de bruorren yn 1961 út foar 2,7 miljoen dollar, mar harren eask dat se foar ivich 1% fan de winst ha woene, kaam net yn it kontrakt. Ray sei harren ta dat se it wol krije soene en doe is hy de eigener wurden fan de namme McDonald's en alles wat dêrby hearde.

Dit wier barde ferhaal wurdt út de doeken dien in de Netflix-film 'The Founder' en doe't er út wie, rôp ik dat ik noait wer nei de McDonald's gean soe. Ik fûn it sa gemien fan dy Kroc! Hy wie dan wol in ûndernimmer dy't in grut sukses fan in hamburgertinte makke hat, mar hat dêrmei de manlju dy't it betocht ha behoarlik bûtenspul setten. Miskien wiene se nayf, mar ek goed fan fertrouwen mei as resultaat dat se net mear baas oer har eigen namme wiene en miljoenen misrûnen omdat se dy 1% ek noait krigen ha.

McDonald's, wa is der net grut mei wurden? Hjoeddeis hast elkenien, útsein Dick en Mac, wylst it iten eins noch op deselde wize klearmakke wurdt sa't sy it betocht ha, mar Ray die yntusken krekt as wie McDonald's syn idee. Ik wit net of de bruorren noch lang en lokkich libbe ha, mar hoopje it al."

(advertinsje)
(advertinsje)