Ried De Fryske Marren wol omtinken Ryk en Europa foar pestisideproblematyk

De gemeenteried fan De Fryske Marren wol de maatskiplike ûnrêst oer it brûken fan bestridingsmiddels yn Gaasterlân ûnder de oandacht bringe fan it Ryk en Europa. De riedsleden konstatearje dat de ynwenners har al jierren ûngerêst meitsje oer it brûken fan bestridingsmiddels yn de bolletylt. Dêrtroch komme de ynwenners en kwekers hieltyd mear tsjinoer elkoar te stean.
© Shutterstock
GrienLinks, PvdA, FNP, D66, VVD, ChristenUnie en NCPN tsjinnen woansdeitejûn in mienskiplike moasje yn dêr't se it kolleezje yn freegje om it Ryk en Europa te wizen op de kwestje.

Undersyk

Omwenners meitsje har soargen oer ûnder oare de sûnensrisiko's, mar ûndersyk biedt noch gjin útslútsel. Oan de iene kant sizze it RIVM (Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu) en de sûnensried dat der reden ta soarch liket. "Yn dy sin hawwe omwenners de wittenskip oan harren kant", leit GrienLinks-fraksjefoarsitter Anne Merkuur út.
Oan de oare kant wurdt der lykwols gjin oplossing bean troch it Ryk. Merkuur: "De kwekers sizze dat it neffens Europeeske talittingsnoarmen feilich is en dat se neat dogge dat net mei. Mar sa komme je net fierder."
Fraksjefoarsitter Anne Merkuur fan GrienLinks yn De Fryske Marren
Foar kwekers is it yntusken frijwol ûnmooglik de ûngerêstens by ynwenners fuort te nimmen en dus komme partijen tsjinoer elkoar te stean. In situaasje dy't bestean bliuwe sil salang't der gjin dúdlikens bean wurdt troch de oerheid.

Rol gemeente beheind

Om't it Ryk en Europa formeel gean oer de tapassing fan bestridingsmiddels is de rol fan de gemeente beheind. Merkuur: "De gemeente giet allinnich oer it romtlike stik hjiryn. De Fryske Marren hat no wol it inisjatyf naam om in spuitfrije sône yn te stellen fan 50 meter. Mar dêr lost it probleem net mei op."
It kolleezje waard dêrom mei in moasje fersocht de urginsje fan de problematyk oan te kaartsjen by de minister fan Lânbou, de Twadde Keamer, de Europeeske Kommisje, it Europeesk Parlemint en de Europeeske Ried.

Vereniging van Friese Gemeenten

Hast alle riedsleden stimden foar de moasje. Wethâlder Irona Groeneveld, dy't de portefúlje miljeu hat, joech oan út 'e fuotten te kinnen mei de moasje en dermei oan de slach te gean.
Merkuur: "Ik ha begrepen dat se der tegearre mei de wethâlders mei de portefúljes sûnens, romtlike oardering en duorsumens nei sjen sil. Se sille it tegearre ynbringe by de Vereniging van Friese Gemeenten en fan dêr út fierder sjen wat de bêste oanpak is."