Keatsseizoen giet los op 11 july; Freulepartij op 19 septimber

03 jul 2020 - 06:18

It keatsseizoen giet los op 11 july. Dat waard tongersdei dúdlik op de algemiene ledegearkomste fan it keatsbûn KNKB yn Frjentsjer. It liket derop dat Moarre-Ljussens, dat foar dy dei al op de kalinder stie, it foar elkoar krijt om de haadklassepartij te organisearjen. Ek Boalsert, in dei letter, liket der klear foar.

Keatsseizoen giet los op 11 july

Binnen in pear oeren nei't it kabinet de coronaferrommings op it mêd fan sport bekend makke, hie de keatsferiening fan Boalsert de protokollen al klear. Neffens bûnsdirekteur Marco Hoekstra soe Boalsert wolris it foarbyld wêze kinne foar alle oare ferienings.

Wa't tocht hie dat it KNKB mei in folslein ynfolle keatsaginda komme soe, waard teloarsteld. Hoekstra: "Dat is ôfhinklik fan de organisaasjekrêft en reewilligens fan de ferienings en dy hawwe wy noch net hielendal yn byld."

De algemiene ledegearkomste yn Frjentsjer - Foto: Henk Bootsma

En dêr leit de komplikaasje. Want op de gearkomste waard dúdlik dat 50 persint fan de ferienings oanjout dat se wol keatspartijen organisearje wolle, mar dat ek 50 persint oanjout dêr noch oer te twiveljen of it net sitten sjocht.

Aginda sûnder gatten

"Dat sil bliken dwaan moatte de kommende wiken. Der binne ek ferienings dêr't de datum fan harren partij al fan ferstrutsen is, dy't har noch wol by ús oanmeld hawwe", seit Hoekstra. "Wy wolle in aginda sûnder gatten deryn, dus dan moatte we sjen oft dy ferienings in plak op de kalinder krije kinne. En dat wurdt in hiele organisaasje, mar wy geane derfoar. Wy besykje der it bêste fan te meitsjen."

It keatsseizoen sil einigje op 30 septimber. Op dy datum stiet noch altyd de PC mei potlead yntekene. Neffens PC-lid Theunis Bakker is dy datum troch de PC noch altyd net skrast.

KNKB-direkteur Marco Hoekstra

KNKB-direkteur Marco Hoekstra oan it wurd - Foto: Henk Bootsma

Freulepartij

De Freulepartij sil ek keatst wurde. Net op de oarspronklike datum fan 5 augustus, mar op de alternative datum 19 septimber. Freulepartij-foarsitter Tjeerd Dijkstra: "It sil in Freulepartij wurde mei in hiel sober karakter. Ik slút sels ek noch net út dat dy net trochgean kin. It moat ús troch alle beheinings net ûnmooglik makke wurde. Mar yn prinsipe gean we derfoar."

Der sille gjin tribunes en tinte pleatst wurde op it keatsfjild. Dijkstra: "Wy gean út fan de meast sobere foarm. It giet om de keatsers. Mooglik mei publyk, mar yn beheinde foarm. Tink bygelyks oan minsken dy't hearre by de keatsers fan de ferskate ferienings."

Freulepartij-foarsitter Tjeerd Dijkstra

Ek keatsferiening Nije Kriich fan Weidum hat tasein der alles oan te dwaan om de Frouljus PC op 19 augustus keatse te litten. Ek hjir sil jilde dat it om in útklaaide ferzje gean sil.

Ferlies fan 8.000 euro

It KNKB hat der alle belang by dat der dochs noch keatst wurdt dit seizoen. Bûnsdirekteur Hoekstra makke bekend dat it tal leden fan it keatsbûn ûnder de 10.000 driget te kommen en dat neamde hy soarchlik. It KNKB presintearre foar 2020 in slutende begrutting, mar moast 2019, krekt as 2018 mei in ferlies fan 8.000 euro ôfslute.

It KNKB komt lykwols net yn de problemen. De reserves binne goed en op basis fan ferskate senario's is dúdlik wurden dat der dit jier troch de coronakrisis gjin earnstige finansjele problemen te ferwachtsjen binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)