FIDEO: Lintsjes útrikt yn Noardeast-Fryslân

De tradisjonele lintsjerein koe earder dit jier net trochgean. No't de coronamaatregels ferromme binne, kinne de keninklike ûnderskiedingen dochs noch útrikt wurde. Dat sil yn de measte gemeenten freed barre, útsein yn Noardeast-Fryslân. Omdat freed de trouseal net beskikber is, dielde boargemaster Johannes Kramer tongersdeitemoarn de lintsjes al út. Foar Kramer wie it net allinne bysûnder fanwegen it útstelde karakter, mar ek omdat it foar him de earste kear wie.
FIDEO: Lintsjes útrikt