Smellingerlân wol mei sakekolleezje nije start meitsje

02 jul 2020 - 22:20

Smellingerlân wol mei it nije sakekolleezje it fertouwen fan gemeente en ynwenners werom winne. De fjouwer nije wethâlders komme fan bûten. Se sille op ynhâld bestjoere en net op basis fan in politike partij. Sa'n sakekolleezje hat dêrtroch mear bewegingsromte.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Boargemaster Jan Rijpstra

Nei de fertrouwensbreuk fan begjin dit jier tusken de koälysjepartijen ELP en de PvdA waard it kolleezje fan Smellingerlân opblaasd. Mei Maria le Roy, Felix van Beek, Bert Westerink en Robin Hartogh Heys van de Lier binne der no fjouwer nije wethâlders. Sy binne tongersdeitejûn ynstallearre.

De wethâlders fan it nije sakekolleezje

(Advertinsje)
(Advertinsje)