Follybalsters VC Snits stride yn oktober om Supercup

02 jul 2020 - 22:14

De follybalsters fan VC Snits kinne al yn oktober de earste priis fan it nije seizoen winne. De Fryske klup mei dan meidwaan oan it Final Four-format om de Supercup.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Visser

Gewoanwei giet de Supercup tusken de lânskampioen en de bekerwinner, mar omdat de kompetysje yn it ôfrûne seizoen troch it coronafirus net ôfmakke wurde koe, binne der gjin lânskampioenen.

Neist bekerwinner Sliedrecht Sport, meie hjirtroch ek de trije heechste teams út de kompetysje meidwaan yn de striid om de Supercup. VC Snits stie by it beëinigjen fan de kompetysje op it fjirde plak en kin meidwaan omdat Sliedrecht op it twadde plak stie.

It miny-toernoai sil plakhawwe op 3 en 4 oktober. De lokaasje is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
follybal VC Snits Supercup
(Advertinsje)
(Advertinsje)