Boere-aksjes yn Fryslân oer feefoerfoarstel minister

Boere-aksjesgroep Farmers Defence Force (FDF) ropt boeren op ta nije aksjes. Se binne lilk oer de maatregels oer feefoer dy't de minister foarstelt. Minister Schouten wol de útstjit fan stikstof út dong ferleegje en dêrom minder aaiwytryk feefoer tastean. De wize hoe't se dat docht, binne de boeren lilk oer.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat mei ien fan de fiif aksjefierende boeren
Under Fryske boeren sirkulearret in oprop om mei de trekkers nei Ljouwert te riden. Tsjûgen hawwe sjoen dat in groep boeren him sammelet by De Lemmer. Oaren soene ûnderweis wêze út Easterwâlde wei oer Drachten. Einbestimming is Ljouwert. Wat it doel is yn Ljouwert, is noch net bekend.
De Twadde Keamer praat tongersdeitejûn oer plannen fan de minister. De stichting 'Belangen Agrarysk Fryslân' hat oanjûn earst de stimming yn de Twadde Keamer ôf te wachtsjen foardat de stichting aksje ûndernimme sil.
© CAMJO media, Jaring Rispens
It is net de earste kear dat de boeren massaal aksje fiere. Oan de ein fan it ôfrûne jier en yn it begjin fan dit jier gienen de boeren ek al meardere kearen de strjitte op omdat se it net iens wiene mei it kabinetsbelied.
© Kappers Media
Al it nijs oer de eardere boereprotesten is te finen op ús spesjale dossierside oer stikstof.