Koart pleit ferfalt no't besikersferbod yn ferpleechhûzen fan tafel giet

02 jul 2020 - 21:26

It ministearje fan Folkssûnens wol gjin algehiel besikersferbod foar ferpleechhûzen dêr't ien of mear besmettingen binne mei it coronafirus. Dêrtroch ferfalt it koart pleit dat de Stichting Onnodige Vrijheidsbeperking in de Zorg (SOVIDZ) oanspanne woe tsjin de steat.

Foto: Omrop Fryslân

De stichting is twa wiken lyn oprjochte troch Berber Bijma út Frjentsjer, doe't se yn aksje kaam foar de bewenners fan wensoarchsintrum Foswert yn Ferwert. Bewenners mochten noch kwealik besite ha, en se mochten noch net of hast net nei bûten, wylst de rjochtlinen fan it RIVM al ferromme wiene. En dat jilde likegoed foar bewenners fan oare ferpleechhûzen.

Yn in needferoardering fan minister De Jonge stiet dat fan 1 july ôf "het ontvangen van bezoek verboden is indien in die instellingen zich nog één of meer covid-19-besmettingen voordoen." It ministearje seit no by de NOS dat der betizing is oer dizze oanwizingen, en dat it ministerje yn petear is mei de feilichheidsregio's oer de fraach oft it punt opnij besjoen wurde moat. "Wat ons betreft, is het aan de zorgaanbieder en afhankelijk van de locatie hoe hier invulling aan wordt gegeven", seit in wurdfierder fan it ministearje.

Advokaat Jan-Koen Sluijs fan SOVIDZ lit witte dat it koart pleit fan de baan is. "Wij zijn heel blij dat deze maatregel herzien wordt, dat betekent dat er maatwerk mogelijk is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)