Tryater iepenet yn Marsum earste geloksbrievebus

02 jul 2020 - 21:11

It Fryske teäterselskip Tryater wol it grutste geloksgedicht fan de wrâld meitsje. Ynwenners fan Fryslân kinne dêroan meihelpe mei in brievebusaksje.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

De ôfrûne wiken hawwe minsken op kaartsjes skreaun wêr't se gelokkich fan wurde. Dy kaartsjes binne sammele yn tsien grutte brievebussen dy't rûnom yn de provinsje stean.

Op alle plakken dêr't sa'n bus stiet, wol Tryater in teatrale kuiertocht hâlde. De earste brievebus waard tongersdei lege yn Marsum. En dan blykt: Alles kin in minsk gelokkich meitsje. In eigen hûs, de sinne dy't trochbrekt of in farsk kopke kofje.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Ferslachjouwer Wendy Kennedy yn Marsum

(advertinsje)
(advertinsje)