Follybalster Marrit Jasper makket oerstap nei Italiaanske Serie A

02 jul 2020 - 20:52

Follybalster Marrit Jasper fan Snits spilet takom seizoen yn de Italiaanske Serie A. De 24-jierrige Friezinne makket de oerstap fan it Dútske Ladies in Black Aachen nei Volley Millenium Brescia.

Marrit Jasper yn aksje by Ladies in Black Aachen - Foto: www.orangepictures.nl

Jasper spile fjouwer jier yn Dútslân. Yn it seizoen 2016/17 by VFB Suhl, yn it seizoen 2017/18 by Dresdner SC en de lêste twa seizoenen dus by Ladies in Black Aachen.

Earder stie Jasper ûnder kontrakt by VC Snits. Dêrmei wûn se ien kear de beker, twa kear de SuperCup en waard se twa kear Nederlânsk kampioen. Op it EK fan 2017 wûn Jasper sulver mei it Nederlânske team.

Foar de prizen docht se by Volley Millenium Brescia yn it takom seizoen nei alle gedachten net mei. De klup einige yn it ôfrûne seizoen, dat ôfbrutsen waard fanwegen de coronakrisis, as alfde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)