Coronakrisis treft benammen jongerein: soad wurkleasheid

02 jul 2020 - 20:17

It tal wurkleazen is yn Fryslân de ôfrûne wiken bot tanaam. Benammen minsken mei in flekskontrakt binne wurkleas wurden. Dat docht bliken út sifers dy't Fryslân Werkt! sammele en analysearre hat.

It gebou fan it UWV yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

In grutte groep lytse ûndernimmers hat it dreech. Ferwachte wurdt dat in diel fan harren dochs wer yn leantsjinst gean moat. Op termyn driget ek ûntslach foar in grutte groep minsken mei in fêst kontrakt.

Jongerein

De jongerein wurdt it hurdst troffen troch de coronakrisis. "Sy ha oer it algemien faak in fleks- of tydlik kontrakt. Yn tiden dat it dreech is foar ûndernimmers, stean dy it earst op strjitte", seit Friso Douwstra, bestjoersfoarsitter fan Fryslân Werkt!

"By de ynstream yn de bystân is mear as de helte, hast 60 persint, net âlder as 27 jier. Dy groep wurdt dus hiel hurd troffen", seit Douwstra.

Ljochtpuntsje

Douwstra sjocht lykwols wol dat it wer wat better giet mei de ekonomy. "As je sjogge dat de ynstream yn de WW en de bystân wer in bytsje op it normale nivo komt. Dan sjoch ik dat as in ljochtpuntsje, mar dan binne we der absolút noch net hear. It hat in enoarme dreun west, seker yn bepaalde sektoaren. Mar we moatte wol fêsthâlde oan de hoop en de ûntwikkelingen fan ús ekonomy", fynt Douwstra.

Neffens Douwstra witte we lykwols pas letter hoe't Fryslân presys út dizze krisis komt. "De TOZO en de NOW, de stipemaatregels fan de oerheid, dy hâlde aanst op. Dan is de fraach, wat wurdt de balâns dy't opmakke wurdt troch ûndernimmend Fryslân. Komme bedriuwen troch de drege tiid hinne of sille se snije yn harren personiel?", seit Douwstra.

'Leauwe yn de ekonomy'

De kommende tiid wurdt dan ek spannend, neffens Douwstra. "It hinget ôf fan hoe't we it mei ús allen dogge. As wy leauwe yn ús ekonomy, lokaal ynvestearje, inoar helpe, minsken yn tsjinst hâlde en de koppeling meitsje tusken it ûnderwiis, de oerheid en de ûndernimmerswrâld. Dan komme we der", sa seit Douwstra.

Friso Douwstra oer de wurkleazens

(advertinsje)
(advertinsje)