Sosjaal proefprojekt foar jongerein De Werkerij kin trochgean

02 jul 2020 - 21:00

De takomst fan lear- en wurktrajekt De Werkerij foar Ljouwerter jongerein is foarearst feilichsteld. De gemeente kin it tekoart fan 500.000 euro net folslein oanfolje, mar troch ekstra jild fanút de regelingen 'beschermd wonen' en 'thuis plus (WMO)' kin de Werkerij foarearst dochs troch.

Sosjaal proefprojekt foar jongerein De Werkerij kin trochgean

De jeugd hat faak in histoarje mei útfal op skoalle of komt fia de jeugdsoarch. Guon wiene sels dakleas. By De Werkerij wurde alle problemen yntegraal oanpakt. As de jeugd der oan ta is, kinne de minsken nei skoalle of oan it wurk.

Positiver wurden

De 21-jierrige Jordi is ien fan harren. Hy sit no trije moannen by De Werkerij. Hy wurket by de fytsmakkerij, makket muzyk yn 'e studio en sport yn 'e fitnessseal. Earder siet hy mar wat op 'e bank en by De Werkerij is hy folle positiver wurden. "Het is gewoon heel tof om hier naartoe te gaan. De mensen zijn heel leuk en het geeft een goed gevoel."

Hy wol in oplieding foar befeiliger folgje. Sa hat De Werkerij al mear resultaten boekt mei minsken dy't wer in wenning krigen ha, in oplieding folgje of oan it wurk gien binne. Guon binne by it Friesland College oan de slach en in oar is by in meubelmakker yn 'e lear. De Werkerij helpt op dit stuit sa'n tritich jongeren.

Jordi is in stik positiver wurden - Foto: Omrop Fryslân

Yn trije jier tiid hat De Werkerij yn Ljouwert de jongerein oant 27 jier holpen om wer regelmjittich te libjen en dêrnei de tried fan skoalle wer op te pakken of om oan it wurk te gean. De Werkerij biedt de jeugd mear begelieding as de gemeenten, bygelyks by wenjen, problemen mei middelgebrûk of finânsjes.

Maatwurk

De Werkerij leveret mear maatwurk, seit direkteur Peter Damsma. "Het is maatwerk qua lengte, intensiviteit en middelen die je inzet. Daar voorziet de participatiewet op dit moment niet in. De trajecten vanuit de gemeente zijn vrij begrensd qua duur en vorm en deze groep jongeren heeft daar meer maatwerk in nodig."

Der wurkje tritich jongeren by De Werkerij - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)