Ferkearsûngelokken oars registrearre: folle mear slachtoffers

De provinsje registrearret it tal ferkearsûngelokken op in nije wize. Oars telden inkeld de sifers fan de plysje mei, mar dêr komme no sifers fan de ambulânsetsjinsten en de sikehuzen by. En dan leit it tal slachtoffers oant wol acht kear sa heech.
© Kijlstra
It Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Fryslân (ROF) hat woansdei de tuskenresultaten krige fan de nije ferkearsûngefalleregistraasje, ynklusyf it tal slachtoffers yn sikehuzen. Bliken docht dat der acht kear safolle fytsslachtoffers binne as by de sifers fan inkeld de plysje. By oare ûngelokken binne de sifers ynklusyf de sikehuzen en sikeauto's fiif kear sa heech.

Anonym

It Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Fryslân kriget de sifers fan de earste help fan sikehuzen en fan ambulânsetsjinsten anonym oanlevere fan in tuskenorganisaasje dy't data fan sikehuzen sammelet, fertelt Sipke van der Meulen fan it ROF.
By ûngelokkken dêr't de plysje by ynskeakele wurdt, giet it faak om slim letsel. By minder slimme ferwûnings gean de slachtoffers sûnder tuskenkomst fan de plysje mei de ambulânse nei it sikehus.

Feiliger meitsje

It ROF wol de nije gegevens brûke om te sjen wêr't oanpassings dien wurde moatte foar de feiligens fan de weibrûker. As bygelyks op in fytspaad in soad ûngelokken achterinoar foarkomme, moat der wat dien wurde mei dat fytspaad. De gemeenten kinne dêrfoar ekstra finansiering oanfreegje by it Ryk. Der is 50 miljoen foar in perioade fan tsien jier foar hiel Nederlân beskikber.
In bettere útwurking fan it tal slachtoffers, dy't oars ûnder de radar bliuwe, kin soargje foar in bettere ûnderbouwing fan de plannen. seit Sipke van der Meulen.
Sipke fan der Meulen, ROF