MCL giet troch mei reorganisaasje, mar tal IC-bêden moat omheech

02 jul 2020 - 16:44

Mear as hûndert meiwurkers fan it MCL yn Ljouwert sille de kommende tiid harren baan ferlieze. It sikehûs hat de reorganisaasje, dy't it twa jier lyn al oankundige, wer oppakt. Der ferdwine yn totaal 111 fulltime banen. Dat liket nuver, om't minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens just wol dat sikehuzen harren IC-kapasiteit de kommende tiid ferheegje.

MCL giet troch mei reorganisaasje, mar tal IC-bêden moat omheech

It giet neffens it sikehûs net om twongen ûntslaggen. Der sil ynset wurde op natuerlik ferrin en it helpen fan meiwurkers nei oar wurk.

"Sommige functies minder nodig"

Neffens direkteur Arie van der Woerdt fan personiel en organisaasje giet it bygelyks om doktersassistinten dy't harren baan ferlieze sille. "We zijn bezig met de digitalisering en het maken van plannen. Er komen nieuwe werkprocessen en dat betekent dat sommige functies minder nodig zijn in het ziekenhuis."

De reorganisaasje is dreech te rymjen mei it feit dat der op de intensive care sprake is fan in personielstekoart. Dêrneist hat minister Hugo de Jonge fan Folkssûnsens de sikehuzen oproppen de IC-kapasiteit de kommende tiid te ferheegjen. De Jonge wol it tal IC-bêden yn ús lân fan 1.150 nei 1.700 krijen. It materiaal foar de opskaling is der wol by it MCL, mar it personiel net.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Kappers Media

Van der Woerdt seit dat der goed sjoen wurde sil nei de banen dy't ferlern geane. Mooglik kinne minsken ynset wurde as ferpleechkundigen op de IC's, mar faak giet dêr in lange oplieding oan foarôf. "Dat is niet voor iedereen weggelegd", neffens de direkteur. "Maar we zijn plannen aan het maken voor de opschaling van covid-zorg." Dat kin betsjutte dat der op de ôfdielingen dêr't in tekoart oan personiel is, just wer nije banen bykomme.

Dochs bliuwt in reorganisaasje in delikate saak, neffens Van der Woerdt. "Elke reorganisatie is een schrik voor wie het betreft. Dat moeten we ons altijd realiseren."

Direkteur Arie van der Woerdt fan personiel en organisaasje

(Advertinsje)
(Advertinsje)