Jonge oppakt foar oerlêst yn Ljouwerter park

In 13-jierrige jongen is woansdei yn it Abbingapark yn Ljouwert oanholden foar it misledigjen fan en it flybjen nei de plysje. Jongerein hie yn it Abbingapark in kampfjoer makke yn de buert fan de bisten dy't yn it park rinne. Plysje yn boarger spruts de jongerein dêrop oan.
© Google Streetview
Doe't de plysje de 13-jierrige jonge oanhâlde woe, begûnen hieltyd mear jongeren harren dêrmei te bemuoien. Op it plysjeburo die bliken dat de jonge al faker foar itselde oanhâlden is. Hy is oerdroegen oan de âlden en der is in soarchmelding dien.