Cambuur leit keeper Sonny Stevens langer fêst

Sonny Stevens stiet ek takom seizoen ûnder de latte by SC Cambuur. Hy tekenet freed in nij kontrakt by de Ljouwerters. De lêste wiken hat technysk manager Feoke Booy in oantal petearen hân mei Stevens en syn saakwaarnimmer en se binne der tongersdei útkaam.
© Orange Pictures
It nije kontrakt fan de doelman is foar ien jier, mei in opsje foar noch in jier. Dy opsje giet yn as Cambuur promovearret. Sa'n selde kontrakt hie Stevens it ôfrûne seizoen ek.

Gefoel joech de trochslach

"Ik heb mijn gevoel de doorslag laten geven", seit Stevens oer syn beslút. "Ik voel me gewaardeerd en het vertrouwen voelt goed. Los van dat is het natuurlijk een geweldige club met ontzettend aangename mensen om mee samen te werken."
"Der wie wol ynteresse foar Stevens", seit Cambuur-watcher Andor Faber, "Ek fan klups út de earedifyzje. Mar Stevens kiest der dus foar om by de Ljouwerters te bliuwen. Dat is in boppeslach foar technysk manager Foeke Booy. Dy seit al in skoft dat de kop en de sturt wichtich binne: in keeper en in spits. Fan dy opdracht hat er no 50% ôf."

"Positieve invloed op het team"

"Een prachtig signaal voor alles en iedereen", seit Booy. "Sonny heeft het afgelopen jaar laten zien dat hij een geweldige doelman is en met zijn persoonlijkheid ook een positieve invloed heeft op het team. Als club en als groep willen we niets liever dan sportief revanche nemen en daarbij is Sonny een hele belangrijke schakel."
SC Cambuur makke it nijs op ludike wize bekend: