Gemeenten fiere aksje yn Den Haag: "Wy moatte struktureel mear jild hawwe"

Boargemasters en wethâlders steane tongersdei op de barrikaden yn Den Haag om aksje te fieren. Gemeenten hawwe te min jild om de begrutting op oarder te krijen. Dat komt benammen omdat se in soad jild kwyt binne oan soarch en wolwêzen, sûnt dy taken fan it Ryk oerdroegen binne oan de gemeenten.
It Binnenhof yn Den Haach. © Shutterstock.com
Wethâlder Libbe de Vries fan de gemeente Opsterlân
Minister Ollongren fan Ynlânske Saken hat earder sein dat se de gemeenten net struktureel yn 'e mjitte komt. Dêrom skeakelje de gemeenten no de Twadde Keamer yn.

Opskalingskoarting

De gemeenten sitte yn 'e mage mei in oantal saken. As earst wolle se dat de yn 2015 ynstelde opskalingskoarting weromdraaid wurdt. Dy koarting op it jild dat de gemeente elts jier krijt fan it Ryk moast fúzjes ta gruttere gemeenten stimulearje. "Wy leverje as gemeente in hiel soad jild yn omdat wy in lytse gemeente binne. In grutte gemeente blykt de ynwenner lykwols faak djoerder as in lytse. Dy koarting smyt dus neat op", leit wethâlder Libbe de Vries fan Opsterlân út.
Dêrneist binne de strukturele tekoarten op it sosjaal, in lanlik probleem, in hjit hingizer. Doe't dat yn 2015 oergie fan it Ryk nei de gemeenten waarden de gemeenten mei 30 persint koarte op harren budzjet. De Vries: "In part dêrfan is goedmakke, mar eins moatte dêr lanlik in miljard foar komme."

Gemeentefûns

Gemeenten krije noch wol jild út in oare lanlike pot: it gemeentefûns. Mar omdat it jild tenei nei alle gedachten oars ferdield wurdt, binne in soad gemeenten benaud dat se der noch mear op achterút geane. "De lytse gemeenten binne dêr ôfgryslik de dupe fan. Foar Opsterlân soe dat wol in miljoen euro yn it jier skele oan ynkomsten en dat kinne we der no net by hawwe."
Ta beslút spilet de coronakrisis de gemeenten parten. "Aanst sille we te krijen hawwe mei minsken dy't yn 'e bystân komme. It wurdt gewoan te krap, dus wy moatte struktureel jild hawwe", leit De Vries út.

Jild dûbeld en dwers kwyt

As de Twadde Keamer de gemeenten net yn 'e mjitte komt, hat dat grutte gefolgen foar de leefberens yn de gemeenten, neffens De Vries. "Dan sille wy koartsje moatte op bygelyks in biblioteek, in swimbad of de sport. Dan krije we jongerein dy't minder sûn binne. It jild dat we no besparje, binne we aanst dus dûbeld en dwers kwyt."
Hoe sjocht wethâlder Libbe de Vries werom op de dei?