Fryske shorttrackers libje mei mei slim sike Lara van Ruijven

02 jul 2020 - 12:55

De Fryske shorttrackers binne bot oandien troch de tastân fan shorttrackster Lara van Ruijven (27). De wrâldkampioene op 'e 500 meter waard ôfrûne wike ynienen slim siik opnommen yn in Frânsk sikehûs. Dêr die bliken dat se te krijen hat mei in steurnis oan har ymmúnsysteem.

Foto: ANP

Van Ruijven, dy't al in skoft foar har sport op It Hearrenfean wennet, leit op 'e intensive care. Se wurdt keunstmjittich yn koma hâlden.

Stipe op sosjale media

Kollega-shorttrackster Suzanne Schulting fan De Tynje reagearret op sosjale media mei 'Blijf vechte lieve Laar, we houden van je'. Ek Daan Breeuwsma, Sjinkie Knegt en boargemaster Tjeerd van der Zwan fan It Hearrenfean sprekke harren stipe út.

(advertinsje)
(advertinsje)