Wurkstraf foar Ljouwerter dy't ferkearsregelder mei opsetsin oanried

In 25-jierrige ynwenster fan Ljouwert dy't begjin septimber foarich jier yn Ljouwert in ferkearsregelder oanried, is tongersdei by ferstek feroardiele ta in wurkstraf fan 60 oeren.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De rjochter folge dêrmei de eask fan de offisier fan justysje. De Ljouwerter passearre op de sutelwei neist de Grinzerstrjitwei in lange rige wachtsjende auto's mei festivalgongers dy't ûnderweis wiene nei Psy-Fi Festival.
De frou waard tsjinhâlden troch de ferkearsregelder, dy't de frou sommearre achterút te riden. De Ljouwerter andere dat se leaver fierderop kearje woe, mar dat mocht net. Dêrop skold se de regelder út en joech se gas.

Kniesde pezen

De auto kaam tsjin de skonken fan de ferkearsregelder, dy't troch har knibbels sakke. Letter bliek dat de frou kniesde pezen oerhâlden hie oan it foarfal. Se sei bot skrokken te wêzen fan it respektleaze gedrach fan de Ljouwerter.
De rjochter bepaalde dat de automobiliste 270 euro oan smertejild betelje moat oan de ferkearsregelder.