Hans de Boer: "Mei de Lelylijn meitsje je better gebrûk fan it hiele lân"

De oanlis fan de Lelylijn is goed foar it Noarden en goed foar Nederlân. Der moat sa gau as mooglik begûn wurde mei de oanlis fan de spoarferbining tusken de Rânestêd, fia Drachten nei Grins. Dat fynt ek wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW. De organisaasje is dêrmei like posityf as de provinsje Fryslân.
Hans de Boer fan VNO-NCW © ANP
Woansdei waard it rapport presintearre, dat makke is yn opdracht fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en de trije noardlike provinsjes.
Neffens foarsitter Hans de Boer fan VNO-NCW sitte der eins allinne mar foardielen oan de Lelylijn. "It is goed foar de duorsumheid; it hellet minsken út de auto en it fleantúch. It soarget dêrneist ek foar mear ekonomyske wolfeart yn it Noarden, mar ek yn 'e Rânestêd."

Better gebrûk fan it hiele lân

De Boer wiist derop dat in soad merken yn 'e Rânestêd no oerspand binne. "De wenningmerk en de arbeidsmerk, dy sitte fêst. Mei de Lelylijn meitsje je better gebrûk fan it hiele lân. Ek soe de Lelylijn yn 'e takomst trochlutsen wurde kinne nei Bremen en Hamburg."
© Omrop Fryslân
Boppedat past de ûntwikkeling fan de Lelylijn by in feroarjende wurkomjouwing, oanslingere troch de coronakrisis.
"In hiel soad kantoarbanen wurde no al en sille yn 'e takomst folle mear fan hûs út dien wurde. Dat jout mooglikheden om yn 'e Rânestêd te wurkjen, en te wenjen op It Hearrenfean of yn Drachten. It is ek in enoarme plus foar it fêstigingsklimaat yn it Noarden."
It rapport oer de Lelylijn waard woansdei iepenbier makke:
Provinsje wol Lelylijn op lanlike aginda
De foarsitter fan de wurkjouwersorganisaasje docht dêrmei ek in oprop oan it kabinet, en de provinsjes. "Wy hawwe no de coronakrisis, mar it kabinet hat sein: wy ynvestearje ús de krisis út. Dan is dit in prachtich foarbyld. No moat it gebeure."

Binnen tsien jier

It is neffens De Boer net de fraach oft, mar wannear't de Lelylijn der leit. "Dat is mooglik binnen tsien jier", doart hy oan.
Foarsitter Hans de Boer fan VNO-NCW