FNP wol dat provinsje grienstasjons wer op gong bringt

02 jul 2020 - 09:35

De FNP fynt dat de provinsje Fryslân him ynsette moat om de saneamde grienstasjons te stimulearjen en wer op gong te helpen. Eardere pilots mei de grienstasjons rûnen earder fêst op de besteande wet- en regeljouwing. De Steatefraksje stelt dêrom skriftlike fragen oan Deputearre Steaten.

Foto: Lenus van der Broek

De FNP hat fan it winter in besite brocht oan it projekt 'agraryske grienstasjons' fan it agrarysk kollektyf ELAN yn Súdeast-Fryslân. Oant 2017 ta die ELAN in proef wêrmei't blêdguod, snoei- en oar natuerlik grienôffal op it hiem fan boeren yn de direkte omjouwing ferwurke waard ta kompost.

Dat materiaal kin wer as dongstof op it lân brûkt wurde, om dêrmei de kwaliteit fan de boaiem te ferbetterjen. In grut foardiel fan de grienstasjons is de koarte kringloop, wêrby't lokale ôffalstoffen brûkt wurde en der hast gjin ferfiersbewegingen nedich binne. Pilots mei grienstasjons hawwe der bûten Súdeast-Fryslân ek west yn De Fryske Marren, Skylge en Kollumerlân.

Oansjoen foar ôffalferwurker

De pilot yn Súdeast-Fryslân is lykwols yn 2017 ta in ein kaam, omdat de boerebedriuwen dy't oan de proef meidienen as ôffalferwurkers kwalifisearre waarden. Dêrmei moasten sy oan deselde wetten en regels foldwaan as grutskalige yndustriële ôffalferwurkers.

"De FNP fynt it tige spitich dat de proef no net fierder kin. It werbrûken fan skjinne ôffalstreamen as grûnstof en it lokaal ferwurkjen past moai yn de kringloopgedachte fan lânbouminister Schouten", seit Wopke Veenstra fan de FNP. "It soe krekt stimulearre wurde moatte. It projekt fan de grienstasjons moat wer opstart wurde en soe ek op oare plakken tapast wurde moatte."

Regeldruk

Der binne in hiel soad wetten dêr't de grienstasjons tsjinoan rinne. Fierder moatte de grienstasjons fansels rekken hâlde mei de regeljouwing op it mêd fan romtlike oardering en wetter. Dy regeldruk, wêrby't ek noch ferskillende oerheden (Ryk, provinsje, gemeente en wetterskip) foech hawwe, makket it foar ûndernimmers dreech om mei te dwaan.

De FNP wol fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte oft sy ree binne de regeldruk omleech te bringen en te helpen de grienstasjons wer op gong te bringen. Dêrby soe de provinsje ek sjen moatte nei de eigen regels en der by it Ryk op oantrúnje moatte om nasjonale wet- en regeljouwing te feroarjen dy't it ûnnedich dreech meitsje om lokaal kompost te meitsjen fan skjin grienôffal út de buert.

(advertinsje)
(advertinsje)