Ljeppers Boun: fierljepseizoen set op 18 july útein

02 jul 2020 - 08:28

It útstelde fierljepseizoen set op sneon 18 july útein mei it Keningsljeppen yn Burgum. It einiget op 19 septimber op datselde plak mei de Nederlânske kampioenskippen. Dat hat it Frysk Ljeppers Boun (FLB) tiisdeitejûn besletten nei in oerlis mei oansletten klups. Op 5 septimber wurdt it Frysk kampioenskip hâlden.

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Hoe giet Bart Helmholt it nije seizoen yn?

Oars soe it ljepseizoen al yn maaie úteinsette, mar it coronafirus smiet roet yn it iten en de wedstriden waarden útsteld oant 1 septimber. It ljepseizoen fan dit jier liket dochs net hielendal yn it wetter te fallen no't de ferrommings op 1 july al yngean. "We binne wol hiel bliid, mar we hiene der net op rekkene. We binne optein en ferrast dat we wer oan de slach kinne", leit Teije Dijk, foarsitter fan it Frysk Ljeppers Boun, út.

It bûn hie al in alternatyf programma makke. Elke feriening soe wol foar himsels traine en ynterne wedstriden hâlde, mar de kompetysje mei oare ferienings oangean mocht net. Dijk: "Dat hiene we krekt klear en we soene der heal july mei begjinne, mar no kinne we ynienen wol wer los."

Rap omskeakeljen

Neffens Dijk wie it rap omskeakeljen: "We hawwe de nije situaasje bepraat mei de Nederlandse Fierljep Bond (NFB). Yn dizze coronakrisis hawwe we lyk mei elkoar oplutsen. We hawwe konkludearre dat we der dochs foar gean wolle en dat it dêrmei ek mooglik wêze soe om in Nederlânsk kampioenskip te hâlden op 19 july."

It opsetten fan in nije aginda foel ta, leit Dijk út. De wedstriidkalinder dy't foarich jier foar dit seizoen fêststeld wie, koe foar in part oppakt wurde en moast foar in part oanpast. "We hawwe mei de NFB en alle ferienings oerlein. De konklúzje wie dat we, mei in oantal oanpassings, wer hiel gau oan de slach koene."

12 wedstriden

Der sille twa wedstriden de wike ljept wurde. "Dêrmei kinne der sa'n 12 wedstriden hâlden wurde. Dy tsjinje ek as kwalifikaasje foar de FK en NK." Neffens Dijk hat de training fan de ljeppers net te lijen hân ûnder de ûnderbrekking. "Ljepsport moatte je it hiele jier mei dwaande wêze om yn kondysje te bliuwen. De sporters binne yn coronatiid ek trainen bleaun."

Neffens Dijk hat it bûn finansjeel sjoen net in soad skea oprûn. "Wy misse in part fan it seizoen, dus we misse bygelyks entreejild. Oan de oare kant hawwe we nije sponsoaren. Dy hawwe net sein ôf te sjen fan harren donaasje."

Teije Dijk, foarsitter fan it Frysk Ljeppers Boun

Wedstriidkalinder:

  • 18 july: Burgum
  • 22 july: Drylts
  • 25 july: It Heidenskip
  • 29 july: Winsum
  • 31 july: Bûtenpost
  • 5 augustus: Gryptsjerk
  • 8 augustus: Winsum
  • 12 augustus: It Heidenskip
  • 15 augustus: Gryptsjerk
  • 19 augustus: Bûtenpost
  • 22 augustus: Drylts

Alle 1e klasse-wedstriden begjinne om 18.30 oere

Bysûndere wedstriden:

  • 22 augustus: FK jeugd yn Drylts
  • 5 septimber: Fryske kampioenskippen yn Winsum
  • 12 septimber: Nasjonale Fierljep Manifestaasje op It Heidenskip
  • 19 septimber: Nederlânske kampioenskippen yn Burgum
(advertinsje)
(advertinsje)