Kollum: "Knap"

"Moandei promovearre in freon fan my, en dan bedoel ik akademysk promovearjen. It wie foar my in konfrontaasje mei hoe ûntsachlik soad ik net wit. Alwer. Mei hoefolle kennis der einliks al yn 'e wrâld is dêr't ik nea wat fan begripe sil. En hoe moai it wêze kin om dêr sa ticht by te stean.
© Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Nico Naus, want sa hjit dy freon, is promovearre yn Computer Science, kompjûterwittenskip. Fan syn proefskrift begryp ik einliks allinnich de earste alinea's. Hy beskriuwt hoe't software yn it deistich wurk fan in soad minsken in soad karren oernommen hawwe, en dat brûkers fan sokke software meastentiids gjin idee mear hawwe wat krekt de gefolgen binne fan it al of net oanfinken fan in fakje op in kompjûterskerm. En dan tinkst miskien, no it sil wol, mar Nico hat it oer software yn sikehuzen, fan de Kustwacht en fan de marine. Dat giet al gau oer minskelibbens.
Watst ynfollest op in skermke, hat gefolgen foar de taak, skriuwt Nico. Hoe bist der wis fan datst alle ynformaasje hast foar it meitsjen fan de goede beslissing oer de folgjende stap. Dat is de fraach, en de dissertaasje giet oer hoe brûkers fan systemen hints krije kinne foar in folgjende stap yn it beslissingsproses. No, dit snap ik, mar dan bin ik noch mar op de helte fan de earste pagina fan it proefskrift.
Dêrnei folget in pagina of twahûndert, dat by pagina 135 al oergien is yn bylagen mei berekkeningen en bewizen dy't benammen bestean út karakters dy't je fine kinne as je de symboalen-tekenset fan je tekstferwurker iepenje. Der wie foar my gjin tou oan fêst te knopen, en gelokkich sei de promotor fan Nico dat dit ek foar him in hiele klobbe west wie.
De promoasjeseremoanje sels moast op syn corona's, dus fia in skerm. Dat is wol wat apart: der komme gewoanwei best wat rituelen by sjen. De promovendus hat in rokkostúm oan. It ynkommen fan de heechleararen liket op hoe't dat yn in rjochtbank giet: der is formeel taalgebrûk yn it oansprekken fan inoar, der is in pedel, in soarte fan seremoanjemaster mei in stok mei beltsjes der oan, en fansels is der de útrop 'hora est'. Alles gie no fia Zoom, of sokssawat, en ik seach letter op in foto dat Nico dêrfoar gebrûk makke fan in laptop dy't op in grute steapel mei puzzeldoazen stie. Dat fûn ik wol passend.
Ik sneupte noch wat troch dat proefskrift, krampeftich sykjend nei wurden dy't ik wol begriep. Ik seach 'Janeway' en 'Chakotay' stean, by in skematysk foarbyld fan beslissingen dy't nommen wurde moatte as der op in skip in brân is. Dêr begryp ik alwer net folle fan, mar it is fansels tige grappich dat 'Janeway en 'Chakotay' nammen binne út Star Trek Voyager. In searje dêr't ik fan wit dat Nico en syn freon in soad nei sjoen hawwe. In searje dy't ek as progressyf sjoen wurdt, al is dat dan op syn Amerikaansk. Mar der sitte dus fan dit soarte fan kleuringen yn syn proefskrift, en ik bin der wis fan dat der noch hûndert yn sitte dy't ik dus nea ûntdekke sil.
Der stiet ek in motto foar yn it proefskrift, dat is meastentiids in kwote dy't ferbân hat mei dat wat ûndersocht is en dat ta neitinken stimt. Nico keas foar in kwote fan Terence McKenna, in bysûndere man, tinker en wittenskipper, dy't him dwaande hâldt mei sjamanisme, natuer en psychedelika. Ja, drugs. Al om 1970 hinne ûntduts hy it op it stuit even populêre as kontroversjele ayahuasca. McKenna hie in libben dat, sis mar, it tsjinoerstelde wie fan wat je je foarstelle fan hoe't it libben derútsjocht fan ien dy't promoasjeûndersyk docht nei beslisprosessen en ynformatika. Sa net by Nico. Hawar, de kwote is, en ik fertaal it even frij:
It gegeven dat it begripen fan it universum dyn ferantwurdlikens is, moatst tige serieus nimme, want it iennige begryp fan it universum dêr'tst wat oan hast, is dyn eigen begryp.
Dêr falt gjin spjelde tusken te krijen. En ik wit net of Nico it sa bedoeld hat, mar it wie in konfrontearjende spegel foar my. Oant dat momint ta hie ik tsjin eltsenien dy't it hearre woe sein dat ik fan dy hiele promoasje gjin fluit begriep, hast oan it punt ta fan dat ik it dêrmei ôfdwaan kin, as of de bylagen in útkoarre bak mei tekstferwurkerstekens binne, en hoe soe ik dat no begripe kinne, ik doch de muoite mar net iens. Mar nee. It is myn ferantwurdlikens, seit doktor Nico. Dus pakte ik syn proefskrift der fan 'e wike, nei de seremoanje en it feest, dochs noch mar ris by."