Buske klapt achterop linebus op N31

02 jul 2020 - 07:23

Op de Wâldwei (N31) by De Pein is tongersdeitemoarn in buske achterop in linebus klapt. It is net bekend oft der minsken slim ferwûne rekke binne.

Foto: Anton Kappers

De rjochterrydstripe hat in skoft ôfsletten west foar de helpferliening en it bergjen fan de weinen.

De bestjoerder fan it buske en de ynsittenden fan de linebus binne op it plak fan it ûngelok behannele troch ambulânsepersoniel.

Trefwurden: 
ûngelok N31 Wâldwei linebus
(advertinsje)
(advertinsje)