Protest Waadferiening oer beswiertermyn gaswinning Ternaard docht fertuten

01 jul 2020 - 22:26

De Waadferiening hie yn in brief minister Eric Wiebes om opheldering frege oer de plannen foar gaswinning ûnder de Waadsee by Ternaard. De Waadferiening fûn it nuver dat de termyn wêryn't omwenners en organisaasjes reagearje kinne op de fergunningsoanfraach midden yn de simmerfakânsje falle soe. It hat fertuten dien: de stikken wurde no op 15 augustus publisearre.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De perioade om de formele dokuminten yn te sjen soe earstoan krekt yn de simmerfakânsje falle yn it Noarden. Dat fûn de Waadferiening net te dwaan en net akseptabel. Hielendal no't de measte minsken nei de strange coronamaatregels wer op fakânsje meie, is it net reedlik om je te bûgjen oer winningsplannen en oare juridysk yngewikkelde dokuminten dy't hearre by de Mynbouwet, de Omjouwingswet en de Natuerbeskermingswet, sa fynt de Waadferiening.

De Waadferiening hat dêrom in berop dien op de minister de proseduere soarchfâldich te dwaan en each te hawwen foar ynspraak en draachflak foar de gaswinning yn de regio fan Ternaard. Dat die fertuten, want no sille de stikken op 15 augustus pas komme. Dêrnei jildt de gewoane termyn fan 6 wiken om te reagearjen.

(advertinsje)
(advertinsje)