GrienLinks yn noed oer tolhúske Vianen yn Beetstersweach: driget sloop?

De fraksje fan GrienLinks yn Opsterlân hat noed oer it hûske Vianen oan de Van Harinxmawei yn Beetstersweach. Riedslid Johan Sieswerda jout oan heard te hawwen dat it pân mooglik sloopt wurdt. Mar neffens de fraksje giet it om in byldbepalend gebouke dat eins bewarre bliuwe moat. It pân hat yn it ferline tsjinne as tolhúske.
Vianen yn Beetstersweach © Google Street View
De fraksje fan GrienLinks hat fragen steld oan it kolleezje. Sieswerda wol witte oft de gemeente in oanfraach foar in sloopfergunning krigen hat fan de eigener, en as dat it gefal is: wat dermei dien wurdt. Ek wol de fraksje witte oft der kontakt lein is mei it pleatslik belang en de histoaryske feriening.