Krusing Haadwei-Badhúswei yn Damwâld oanpakt: snelheid werom nei 30

01 jul 2020 - 21:52

Gemeente Dantumadiel pakt de krusing fan de Haadwei en de Badhúswei yn Damwâld oan. De snelheid wurdt werombrocht nei 30 kilometer yn de oere. It betsjut dat auto's tusken 6 en 17 july efkes net oer it krúspunt kinne, útsein fytsers en fuotgongers.

Foto: Google Street View

Der sil in alternative rûte oanjûn wurde mei buorden. Op 30 juny hat de gemeenteried grien ljocht jûn foar de maatregels. De legere snelheid moat derfoar soargje dat bern, personiel en âlden feilich oerstekke kinne foar de nije kampus yn it doarp.

Trefwurden: 
Dantumadiel Damwâld Haadwei
(Advertinsje)
(Advertinsje)