Efkes dimje: Liander siket út oft sinnepanielen ek wat minder leverje kinne

01 jul 2020 - 21:35

Om nije sinneparken mooglik te meitsjen, wol netbehearder Liander útsykje oft je sinnepanielen ek dimje kinne. Dat moat soargje foar minder druk op it stroomnet, op dagen dat de sinne goed skynt.

Sinnepanielen op it dak fan boer Hendrik Schuurmans - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Peter Hofland fan Liander

Op dit stuit binne der safolle bedriuwen dy't sinnepanielen op it stroomnet oanslute wolle, dat it net der gjin ekstra enezjy mear by hawwe kin. In pear hûndert sinneparken en wynmûneparken steane op de wachtlist, en dat moat oars, seit Peter Hofland fan netbehearder Liander.

"Op dit moment is het zo dat de producenten van groene stroom ook alle stroom moeten terugleveren aan het net, op de dagen dat de zon op zijn hardst schijnt, maar dat is maar een paar dagen per jaar. Al die andere dagen is dat niet zo, dan is er voldoende ruimte," jout Hofland oan.

Pilot yn Wergea

Liander docht in lanlike pilot by in boerebedriuw yn Wergea. Boer Hendrik Schuurmans hat dêr in lytse 300 kij, en mear as 1500 sinnepanielen op it dak. Hy hopet dat dat mear wurde kinne, as de proef in sukses is.

Ferslachjouwer Willem de Vries op it hiem by Hendrik Schuurmans

(Advertinsje)
(Advertinsje)