Gasdeteksjekamera moat lekken yn biofergisters opspoare

01 jul 2020 - 20:52

De FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing) hat in deteksjekamera oanskaft dy't ûnsichtbere gassen yn byld bringe kin. De kamera kin sa'n 400 ferskate gassoarten detektearje. De FUMO sil de kamera brûke by meldingen fan geurklachten en it foarkommen fan feiligensrisiko's.

De gasdeteksjekamera - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De gasdeteksjekamera registearret lytse temperatuerferskillen en set dit om yn byld. Mooglike gaslekken kinne fan in ôfstân yn byld brocht wurde, sa't de persoan dy't de kamera betsjinnet net yn gefaar komt.

Biofergisters

Yn it kommende heal jier sil de FUMO mei de gasdeteksjekamera by alle biofergisters yn Fryslân del om te kontrolearjen oft dêr ek lekken binne. In biofergister set dong, bermgas en griente-, fruit- en túnôffal om yn biogas. Dat kin dan brûkt wurde as brânstof. Op papier foldogge de measte biofergisters oan de foarskriften, mar dochs klage omwenners somstiden oer stankoerlêst. De FUMO kin no mei de kamera sjen oft dit troch lytse lekken komme kin.

Alexander de Jong fan de FUMO

(advertinsje)
(advertinsje)