Yvonne Nauta: fan reedrydster nei yoga-learares

01 jul 2020 - 20:41

Ek yogalessen meie nei in tiid coronastilte wer úteinsette. Dat is goed nijs foar âld-reedrydster Yvonne Nauta fan Twellingea. Sy hold woansdei har earste yoga-les by YIN Sneek. Foar har is 'yin' it nije paad wurden.

Yvonne Nauta, fan reedrydster nei yoga-learares - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Nauta sjocht de yoga as in oanfolling op har sportive karriêre. "Yn myn reedrydkarriêre wie op in bepaald momint de tank wol in bytsje leech. Doe kaam ik fia in fysioterapeut yn Snits terjochte, by de New Health Centre. De terapeut hat my begelaat en sei: it is ek wichtich datsto sa no en dan efkes komst te yinnen. Dat ha ik dien, sels de dosinte-oplieding en de yin-medicine-oplieding ha ik folge. Dat is it nije paad wurden."

'Your inner nature'

De âld-reedrydster leit út wêr dat 'yin' foar stiet. "De letters steane foar 'your inner nature.' It giet om autentyk wêze: de wiisheid sit yn dyn lichem. It draait net allinne om de goeie kanten, mar ek om de kwetsberens."

Neffens Nauta kaam de yoga goed fan pas foar har lichem, mar ek yn de holle hat it in soad betsjutting krigen. "As je hieltyd weromkommende klachten hawwe en it ûnderlizzende probleem net dúdlik is, dan komt it hieltyd ek wer werom. Stress kin op it spierweefsel slaan. Yin kin yn dy sin romte biede, je komme lekkerder yn je fel te sitten. En ik bin eins wol in gaoat, ik haw yin sels ek wol nedich. Mar ik haw wol leard om it barre te litten."

Ferslachjouwer Willem de Vries wie op besite by Yvonne Nauta

Trefwurden: 
yoga reedride Yvonne Nauta yin
(Advertinsje)
(Advertinsje)