Keamerlid Gijs van Dijk wol in needfûns fan 20 miljoen foar de eilannen

01 jul 2020 - 20:17

Der moat 20 miljoen euro komme foar de Waadeilannen, fynt de Partij van de Arbeid yn de Twadde Keamer. De Waadeilannen hawwe geregeld útsprutsen hoe grut de gefolgen fan de coronakrisis binne foar de eilannen. Se libje dêr fan it toerisme. Mar it tal toeristen dit jier is de helte as fan it normale, is de ferwachting. En dan komt leefberens dêr yn gefaar. Keamerlid Gijs van Dijk fan de PvdA tsjinnet in foarstel yn foar in needfûns fan 20 miljoen foar de Waadeilannen.

Twadde Keamerlid Gijs van Dijk - Foto: ANP

Van Dijk leit út wêrom't der in needfûns komme moat: "De Waddenburgemeesters hebben eerder aangegeven dat er een ongewoon grote klap voor de Waddeneilanden komt. Omdat het toerisme en de horeca stil stonden en de eilanden daar zo afhankelijk van zijn. Wij hebben voorgesteld om 20 miljoen vrij te maken voor de coronaklap die de eilanden hebben gekregen. Zo moeten we ervoor zorgen dat de ondernemers nog door kunnen."

Wichtich part seizoen mist

Van Dijk wennet sels op Teksel. "Ik spreek veel ondernemers die het moeilijk hebben. Ze hebben het hele voorjaar al gemist, wat tegenwoordig ook al een belangrijk seizoen is." Je soene miskien sizze, it toerisme komt no al wer wat op gong. De boaten binne folboekt. Is it noch wol nedich? "De eilanden hebben een maximale capaciteit, op een gegeven moment zijn er geen bedden meer. Dus het is niet goed mogelijk om alle schade vanaf maart in te halen. De overheid moet een beetje buffer bieden om weer een duurzaam toerisme op te bouwen."

Inoar yn 'e mjitte komme

Earder waard troch de eilannen frege om in needfûns fan 38 miljoen euro, mar dêr gie de steatssekretaris Mona Keijzer net mei akkoart. Van Dijk hopet mei 20 miljoen in stap yn de goede richting te setten. "Er is op dit moment door het kabinet best veel geld vrijgespeeld. Minister Hoekstra van Financiën zegt: we hebben best diepe zakken. Gelukkig ging het voor de coronatijd goed. Dan is 20 miljoen een best klein bedrag als je naar het hele budget kijkt, hoewel het veel klinkt. Daarom gaan we in het midden zitten om de coalitie te verleiden voor ons voorstel te stemmen. Er is namelijk wel veel gevoel voor de problemen van de eilanden."

Wol sjocht Van Dijk it leafst dat der oplossingen socht wurde dy't ek foar de lange termyn wat opsmite. Van Dijk: "Dat we zeggen: we willen je helpen, maar dan vragen we ook aan je bedrijf om mee te helpen aan een duurzaam Waddengebied. Dat is een win-win situatie."

Twadde Keamerlid Gijs van Dijk

(advertinsje)
(advertinsje)