Roel Sluiter (66) hâldt "met pijn in het hart" op as boargemaster fan Harns

01 jul 2020 - 19:52

Roel Sluiter hâldt op as boargemaster fan Harns. Takom jier komt der in ein oan syn amtsperioade, en dêrnei giet er net fierder. Dat hat Sluiter bekendmakke yn in gearkomste fan de gemeenteried.

Foto: Gemeente Harns, Joachim de Ruijter

"Het is altijd bijzonder lastig om het juiste moment te vinden om te vertrekken", seit Sluiter. "Ik ben de raad dankbaar dat er geen belemmeringen waren om aan een nieuwe ambtsperiode te beginnen. Niettemin doe ik dat niet en ik weet nu al dat ik met pijn in het hart en tandenknarsend daadwerkelijk zal vertrekken, want Harlingen is een fantastische gemeente om voor te werken."

As Sluiter der yn 2021 mei ophâldt, hat er yn totaal mear as njoggen jier boargemaster west yn Harns. De earste trije jier wie er waarnimmer. It duorret noch hast in jier foardat er fuortgiet, seit er tsjin de ried. Tot die tijd hebt u maar één burgemeester en dat ben ik."

'Meest natuurlijke moment

It wie wol in drege beslissing, seit Sluiter. "Ik heb er lang over nagedacht: ga ik nog door? Theoretisch kan ik nog drie jaar door, dan ben ik zeventig. Maar dit is het meest natuurlijke moment. Het was erg moeilijk, want ik heb het erg naar mijn zin als burgemeester. Maar ik heb het eeuwige leven ook niet, dus straks is er tijd voor andere dingen."

De bekendmakking komt krekt op it momint dat der ek in wethâlder út de gemeente wei giet. Mar dêr makker Sluiter him gjin soargen oer. "Ik ben nog niet weg, het gaat niet tegelijk. Er komt vast een hele goede nieuwe wethouder. Het is prachtig voor Hein Kuiken dat hij als wethouder naar Leeuwarden kan. Niemand is onmisbaar, er blijven sterke wethouders over en het duurt nog elf maanden voor ik weg ben."

Boargemaster Roel Sluiter

Trefwurden: 
Harns Roel Sluiter
(Advertinsje)
(Advertinsje)