Hout út grêfkelder Jellum komt wier út de tiid fan Sicke van Dekema

01 jul 2020 - 20:42

De restanten hout dy't yn de grêfkelder fan de famylje Van Dekema yn de tsjerke fan Jellum fûn binne, kinne goed fan de kiste van Sicke van Dekema (1548-1625) wêze. Dat seit Paul Borghaerts, dy't ûndersyk dien hat nei it hout, dat al flink môgele wie.

It hout út de grêfkelder - Foto: Paul Borghaerts

It giet om ikehout út Westfalen. De jongste jierring is fan 1594 en dêrmei kin it neffens Borghaerts goed fan 'Jonker Sicke' wêze. De oarspronklike tsjerke fan Jellum waard yn de lette midsiuwen boud, mar yn 1700 kaam der in nije tsjerke. Dy baarnde lykwols in 1893 ôf en twa jier letter kaam der wer in nij godshûs.

Utslútsel

De ynhâld fan de tsjerke gie ferlern, mar de grêfkelder en grêfsarken bleaune bewarre. It hout yn de grêfkelder is wol flink troch de brân fan 1893 oantaast. It wie noch net dúdlik oft it om restanten fan kisten gie, of dat it bygelyks houtresten út de tiid nijbou wiene. It ûndersyk fan Borghaerts jout no útslútsel.

Der lizze ek noch twa grêfstiennen, al binne se skansearre yn de rin fan de tiid. It binne de stiennen fan Sicke van Dekema en syn frou Hil van Tamminga, en fan harren dochter Katharina van Dekema en har man Bote van Grovestins.

Mooglik binne der letter noch mear minsken yn de grêfkelder begroeven. Want der binne yn it ferline plaatsjes fûn dy't by kisten hearden, mei nammen fan famyljeleden en lettere eigeners fan Mammema State.

Wa wie 'Jonker Sicke'?

Sicke van Dekema waard yn 1548 yn Jellum berne. As jongfeint reizge er nei Keulen, Spanje en Italië om te studearjen. Hy waard doktor yn de rjochten. Nei't syn mem yn 1575 ferstoar, waard hy eigener fan Mammema State yn Jellum (no Hegedyk 30 is). Op polityk mêd wie hy aktyf as lid fan it kolleezje en as ôffurdige yn kommisjes. Hy troude mei Hil van Tamminga en krige op syn minst njoggen bern. De measte bern ferstoaren jong, inkeld trije dochters waarden âlder. Yn 1625 ferstoar Sicke, fiif jier nei syn frou.

Mear ynformaasje is te finen op de blog fan grêfstien-saakkundige Hessel de Walle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)