Nije ferrommingen foar de hoareka smite net oeral blydskip op

Fan woansdei ôf geane der in soad ferrommingen fan de coronamaatregels yn. Ek yn de hoareka wurde de regels minder strang. Mar dêr't de ien dêr hiel wiis mei is, smyt it by de oar noch hielendal neat op.
Ferromming coronamaatregels yn de hoareka
De regeljouwing bliuwt noch hieltyd kompleks. Wat mei no wol en wat net? Foar binnen jildt: oardel meter ôfstân hâlde. Fierder, maksimaal hûndert persoanen yn in romte mei fêste sitplakken. Mar der jildt gjin maksimum oan it tal persoanen as der fêste sitplakken binne, yn kombinaasje mei in reservearring en in sûnenstsjek yn it foar.

Wrâldrestaurant iepen

Foar Wereldrestaurant Omnia yn Drachten is dat goed nijs. Sy kinne lang om let iepen en de telefoan giet dêr de hiele dei troch mei fragen fan gasten dy't reservearje wolle. Trije moannen ha se ticht west, om't de eardere ferrommingen noch net foldwaande winst opsmite soene.
"Voor dertig gasten kunnen wij het buffet niet vullen", seit ien fan de eigeners, Haiyi Shan. "Ons restaurant is 3500 vierkante meter. Dan is het niet gezellig om met zo weinig mensen in zo'n grote ruimte te gaan zitten."
Kafeehâlder Cobus Prins © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Kafee Baard yn it doarp mei deselde namme is wol sûnt it wer tastien waard iepen. Kafeehâlder Cobus Prins hat nei alternativen socht yn dy perioade, lykas 'coffee-to-go', mar dêr foel net folle mei te fertsjinjen.
"Ik snap dat de anderhalve meter-economie voor ons eigen welzijn is, maar voor ons is het wel vervelend." Yn it lytse kafee kin Prins net in soad minsken kwyt en moat hy dus al gau nee ferkeapje as der net genôch plak is. Foar him smite de nije ferrommingsenhielendal neat op. "Dat komt door die anderhalve meter. Ik mag maar vier mensen aan de bar hebben. Eerst stonden ze twee rijen dik."
It lytsje kafee hat it der dus finansjeel dreech mei. "Ik denk dat er heel veel kleine horeca zoals wij om gaan vallen. "Wij hebben geen vet op de bonken. Ons buffertje is op, maar we zingen het nog wel even uit. Al moet er wel wat veranderen."
It kafee yn Baard © Timo Jepkema, Omrop Fryslân