Persoan ferwûne by oanriding tusken Abbegea en Wolsum

01 jul 2020 - 18:53

Op de Nijewei tusken Abbegea en Wolsum wie woansdeitemiddei in ûngelok mei in auto en in bestelbus mei oanhinger. Mooglik waard de auto troch de bus oanriden mei it ynheljen. Ien fan de ynsitters rekke ferwûne, dêr is in traumateam foar oproppen. It slachtoffer is nei it UMCG yn Grins brocht. It is net bekend hoe't it no mei de persoan is.

Foto: Raymon Roersma / ProNews

De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok op de Nijewei.

Trefwurden: 
ûngelok Abbegea Wolsum Nijewei
(Advertinsje)
(Advertinsje)