Deputearre Fokkens hopet ek dat Europa meibetellet oan Lelylijn

It Fryske provinsjebestjoer is tige posityf oer de kânsen foar in nije spoarline oer Drachten en It Hearrenfean. Woansdei waard in rapport presintearre oer de mooglikheden. Mei dy saneamde Lelylijn leit de Rânestêd aanst in stik tichterby. Finansjeel kin it út, sei deputearre Avine Fokkens. Mar as it oan har leit, betellet Europa mei oan it nije spoar. It is net de bedoeling dat de Lelylijn yn Grins ophâldt.
Deputearre Avine Fokkens © Simone Scheffer
De provinsje wachtet net in momint om mei de resultaten fan it rapport nei bûten te kommen. "Zo kunnen de politieke partijen het ook opnemen in hun verkiezingsprogramma's. Volgend jaar maart zijn er weer landelijke verkiezingen. Wij zouden graag zien dat de uitkomsten van dit rapport worden meegenomen zodat iedereen overtuigd raakt van de nut en noodzaak van deze lijn. De exploitatie is kostendekkend, blijkt uit onderzoek. Dat is heel fijn." Der is ek sjoen nei de besteande line en in busline, mar: "De Lelylijn komt naar voren als het meest kansrijk."

Direkt nei de Rânestêd, troch nei it bûtenlân

It moat in direkte ferbining wêze, sûnder yn Zwolle te wachtsjen. "Het gaat erom dat wij sneller vanuit de Randstad naar het noorden kunnen komen. Met een nieuw tracé, een nieuwe toegangspoort naar het noorden. Het is 40 minuten sneller dan nu het geval. De reis duurt nu nog 130 minuten, met de Lelylijn zou het 90 minuten duren. Dat zal veel meer reizigers aantrekken," tinkt Fokkens.
Wol fan belang is dat de line ek bûten it lân trochrint. "Wat ons betreft moet de lijn niet stoppen bij Groningen, maar door: naar Duitsland, Helsinki en misschien nog wel verder. Er zijn misschien ook kansen om Europese subsidies te gebruiken. Want mondiaal gezien is het een wens om de korte vliegtuigvluchten te verminderen. Zo'n lijn is natuurlijk veel beter voor het milieu."

"Lange adem"

Dochs warskôget Fokkens net te tinken dat de Lelylijn der ynkoarten al komt. "Je moet hier een lange adem voor hebben," seit sy. Fokkens hat lykwols wol in wichtige meistanner: premier Rutte fernuvere him der al ris oer dat Drachten net in treinstasjon hat. "Daar ben ik het ook helemaal mee eens. In die zin hebben we al één medestander in Den Haag."

"De tiid is oars"

It slagge de provinsjale polityk earder noch net om it goed op de lanlike politike aginda te krijen. Fokkens hopet dat it no wol slagget. "Ik denk dat de tijd anders is. We hebben de stikstofdiscussie gehad en nu de coronacrisis. We hebben elkaar nodig en we moeten groots denken. Waar wil je anno 2050 staan met je land? Alle ingrediënten zijn er nu. Mensen die nu zeggen: waarom zouden we dat moeten willen? Daar zou ik tegen willen zeggen: we willen ook de voorzieningen die we nu hebben ook behouden. De bevolking vergrijst en het komt onder druk te staan. Daarom moeten we stappen zetten zodat we niet over tien jaar zeggen: er is nu zo'n leegloop dat de leefbaarheid onder druk komt te staan."
Deputearre Avine Fokkens-Kelder