Grienwurkers yn Ljouwert ha dé oplossing fûn tsjin de reuzebeareklau

01 jul 2020 - 17:18

It begjint no echt de spuigatten út te rinnen; de wyldgroei oan reuzebeareklauwen yn de gemeente Ljouwert. Allinne al oan de râne fan it Kealledykje stean sa'n tsientûzen planten. Metoaden lykas meanen, it brûken fan soer of sâlt struien wurken net, mar de beareklaubestriders fan de gemeente hawwe no de oplossing fûn. De planten wurde stik foar stik sekuer ôfknipt mei in spesjale skjirre.

Bestrider Jan Wester fertelt oer de jacht op de beareklau:

NOCH Op jacht nei de beareklau (V1)

"It binne rotsekken", seit Jan Wester oer de reuzebeareklauwen. Dat komt om't se hiel dreech te bestriden binne. Boppedat binne it ek grutte planten. Se kinne wol fjouwer meter heech wurde en stâlen hawwe fan tsien sintimeter yn trochsneed.

Ofknippe

Wester bestriidt mei syn kollega's de planten yn de gemeente Ljouwert. Se hawwe it ôfrûne jier fan alles betocht om de planten in kopke lytser te meitsjen. Meanen, it brûken fan soer of sâlt struien; it holp allegear net. Letter binne se op it idee kaam om de plant stean te litten, bloeie te litten en dan op in spesifyk momint ôf te knippen.

Wester: "Wy hawwe fjouwer ploechjes dy't om de twa wiken op itselde plak komme dêr't de beareklauwen groeie. Se sjogge dan hoefier de plant is. As it binnenste hert grien wurdt en allegear siedsjes krijt en de bûtenste krâns wyt is, dan kinne se knipt wurde."

De planten wurde dan sa heech mooglik by de stâl knipt en kin op de grûn lizzen bliuwe, want neffens Wester rypt it sied dan net nei en stjert it út. "Eins hâlde wy dêr de plant mei foar de gek", seit Wester. As minsken sjogge dat de manlju net alle planten knippe en in part stean litte, hoege se net de gemeente te beljen. Dit is dus ûnderdiel fan de bestridingsmetoade.

Beareklau - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Om de beareklauwen sa goed as mooglik te knippen, ha de bestriders spesjale skjirren makke. It binne neffens Wester gersskjirren, sadat se sa fier as mooglik by de plant wei knippe kinne. Se hawwe op de skjirren stiel laske, sadat se de stâlen goed pakke kinne.

De bestriders brûke yn de maitiid ek in boar. Dêrmei kinne se tsien sintimeter út it hert fan de plant boarje en dan is dus it herstelstik fan de beareklau derôf. Dit wurket net goed mear as de planten en de stâlen grut binne.

Keunstners knippe mei

Ek by de keunstnerskoloanje Asgaard oan it Kealledykje yn Ljouwert wurde de beareklauwen knipt. De keunstners meie gebrûk meitsje fan it plakje yn ruil foar harren help by it bestriden fan de beareklau. In part fan it terrein is troch de keunstners al knipt.

Beareklau - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

It is sûnt in pear jier sa dat yn in nije feroardering fêstlein is dat de gemeenten ferantwurdlik binne foar de bestriding fan de beareklau. De planten binne gefaarlik, want it sop kin by minsken en bisten ferfelende brânblierren feroarsaakje.

Beskermjende klean

"De reuzebeareklau is hjir yn de jierren fyftich binnenkaam as in moaie túnplant, mar wy hawwe him allegear gewurde litten. En no sitte we derûnder", seit Wester. Syn kollega Lieuwe lit in brânplak op syn hân sjen. "Der is by fersin wat by myn moffen ynrûgele. It liket no wol ekseem en it jokket ôfgryslik". De beareklaubestriders moatte dêrom ek beskermjende klean en moffen oan hawwe. Wester hat net de yllúzje dat se de plant kompleet útstjerre litte kinne, mar it wurdt sa wol te behearskjen.

Trefwurden: 
Ljouwert beareklau
(Advertinsje)
(Advertinsje)