Dyk iepen of ticht? Pykjes bepale it ferkear yn it Fochtelerfean

01 jul 2020 - 15:16

De trochgeande dyk troch it Fochtelerfean wurdt de kommende tiid sa no en dan ôfsletten troch ferkearsregelers. Dat hawwe de gemeente Eaststellingwerf en Natuurmonumenten besletten. Yn it Fochtelerfean sit in pearke kraanfûgels mei in jong. Sa gau't de fûgels de dyk oer stekke wolle, lizze de ferkearsregelers it ferkear stil.

Kraanfûgels op de dyk yn natuergebiet Fochtelerfean - Foto: H. Feenstra

Omwenners kinne der noch wol troch. Ek in buorkerijwinkel yn it gebiet bliuwt te berikken. Yn Nederlân binne mar in pear plakken der't kraanfûgels briede. Yn de regel krije de fûgels twa aaien. Nei njoggen wiken kinne de fûgels fleane, oant dy tiid rinne se hinne en wer om fretten te sykjen en te sliepen. Dêrtroch moatte se gauris de dyk oer.

Ferline jier hat de dyk foar it earst in pear kear ôfsletten west.

(advertinsje)
(advertinsje)