Skûtsjesylkampioenskip SKS is no offisjeel ymmaterieel erfgoed

01 jul 2020 - 14:20

It SKS-kampioenskip skûtsjesilen hat in plakje bemachtige op de Inventaris Immaterieel Erfgoed Nederland. Op dy list stean mear as 160 foarmen fan ymmaterieel erfgoed, wêrûnder ambachten, feesten en sosjale praktiken.

Foto: SKS

Mei de byskriuwing yn de Inventaris litte de mienskippen sjen dat se dwaande binne mei it boargjen fan harren ymmaterieel erfgoed en wurkje se oan de sichtberens derfan. Njonken it SKS skûtsjesilen binne ek seis oare mienskippen opnommen yn de Inventaris.

It Nederlânske regear ûndertekene yn 2012 in ferdrach om ymmaterieel kultureel erfgoed te beskermjen.

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS erfgoed
(advertinsje)
(advertinsje)